Loftmacht fiert feest mei Nederlânske dj's by offisjele oerlanging F-35

30 jan 2019 - 22:34

By Lockheed Martin yn it Texaanske Fort Worth rôle woansdei de tredde Nederlânske F-35 offisjeel fan de bân. Nederlân hat no offisjeel trije F-35's yn syn besit. Op it feest soargen dj's Sunnery James en Ryan Marciano foar de muzyk. De pommeranten wiene optein oer de gearwurking. Amerika wol gebrûk meitsje fan de ynnovaasjes yn Nederlân en Nederlân krijt dêr dan opdrachten en banen foar yn it plak.

Tal F-35's stiet no op 3

Njonken topminsken fan Lockheed Martin wie de Nederlânske steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken en Kommendant fan de Nederlânske striidkrêften Bauer derby. Fierders wie de steatssekretaris fan Definsje fan de Feriene Steaten der ek. Nederlân hat offisjeel al trije F-35's yn syn besit.

Banen

De minsken fan Lockheed Martin binne posityf oer de gearwurking mei Nederlân, benammen mei it Nederlânske bedriuwslibben en mei de Nederlânske definsje. Nederlân kriget in soad oarders werom en dat betsjut banen.

Foar miljoenen oan nije oarders

Lockheed Martin sjocht posityf nei de ynnovaasje yn Nederlân dy't se brûke kinne foar it tastel. It Nederlânske bedriuwslibben hat foar goed 300 miljoen euro ekstra oan oarders binnenhelle foar it leverjen fan ûnderdielen foar de F-35. De kontrakten dêrfoar binne woansdei ûndertekene.

Sunnery James en Ryan Marciano

De Nederlânske dj's Sunnery James en Ryan Marciano en de Luchtmachtkapel soargen foar de feestlike muzyk. Neffens Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma dy't derby wie, hie it mear wat wei fan in diskoteek as fan in seremoanje. Fierders soargen oranje cowboy-huodden foar in echte Oranjesfear.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie derby yn Texas

F-16-piloaten leare yn Amearika te fleanen mei de F-35

De Nederlânske F-35-tastellen dy't yn de Feriene Steaten fan de bân rôlje, komme net fuortendaliks nei Nederlân. Se geane earst nei in loftmachtbasis yn Arizona. Dêr krije sûnt begjin dit jier Nederlânske F-16-piloaten ynstruksjes en leare se mei de F-35 te fleanen. Yn oktober komt de earste F-35 nei Nederlân.

(advertinsje)