Keunstner Van Hove komt foar ynternasjonaal projekt werom nei Fryslân

30 jan 2019 - 22:33

Keunstner Éric van Hove út Algerije komt yn septimber werom nei Fryslân foar in ynternasjonaal keunstprojekt makke troch Fryske en Marokkaanske ambachtslju. It giet dêrby om in motorblok op grutte skaal fan in lânboumasine, in Combine. Ek dit model sil, krekt as alle keunstwurken fan Van Hove, makke wurde mei keramyk, hout en materiaal fan goud- en sulversmeden.

Fierder wol de keunstner mei Hannes Scherjon fan de klompmakkerij yn Noardburgum ûndersykje of de masinen, dy't Scherjon spesjaal foar de produksje fan syn klompen ûntwikkele hat, brûkt wurde kinne foar de produksje fan silinderkoppen en oare wichtige ûnderdielen fan syn motormodellen. No moatte dy allegear noch mei de hân makke wurde, wat in soad tiid kostet.

V8-leafhawwers út de Wâlden

Dêrnjonken is de moeting mei de V8-leafhawwers út de Fryske Wâlden, dy't spesjaal troch iepenUP live earder dizze wike yn it Fries Museum arranzjearre wie, de keunstner sa goed befallen dat Van Hove ek mei dizze Friezen oan 'e slach wol. Dêrfoar sil tsjin dy tiid yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert spesjaal in iepen atelier ynrjochte wurde. Ek sei de keunstner ta dat hy de oare kear as er wer yn Fryslân is, graach by dizze manlju del komt om te sjen hoe't dy har motors revisearje.

De Fryske V8-leafhawwers ha yntusken in soad respekt foar de keunstner út Algerije krigen. As lytse hommaazje wiene se woansdei yn har oldtimers nei Ljouwert ta kaam. Dy oldtimers waarden de hiele jûn as wiere keunstwurken foar Neushoorn tentoansteld. Mar krekt as de keunstwurken fan Van Hove yn it Fries Museum, mochten ek de oldtimers net troch it publyk oanrekke wurde.

iepenUP mei Ten Hove

De supergrutte modellen fan Éric van Hove binne fan sneon 2 febrewaris ôf te besjen yn it Fries Museum. De replika's yn grut formaat binne yn opdracht fan de keunstner troch ambachtslju út Marokko makke fan ferskate bewurke materialen as hout, stien en smidswurk.

Mei syn keunst hopet Van Hove minsken oan te setten om nei te tinken oer globale fraachstikken. Dat troch de fiergeande yndustrialisaasje it âlde ambacht driget te ferdwinen.

Fryske Homonologen

Nije wike woansdei hat IepenUP live oandacht foar de Fryske Homonologen, in teäterfoarstelling oer en foar jongerein dy't op syk nei har seksualiteit ûntdekke wat it betsjut as je homoseksueel of lesbysk binne.

It is foar de earste kear dat de Fryske Homonologen foar in breed publyk te sjen binne. Oant no ta waarden de foarstellingen allinnich noch yn besletten rûmte op skoallen spile.

De Fryske Homonologen binne in inisjatyf fan Eline Roozeboom yn gearwurking mei Tûmba en COC Fryslân. Oan de útstjoering fan IepenUP live op 6 febrewaris sil fierder ûnder oaren it Frysk Steatelid Teus Dorrepaal meiwurkje.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis tusken 20:00 en 21:30 oere live troch Omrop Fryslân op ynternet útstjoerd streekrjocht út Neushoorn yn Ljouwert wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)