Plysje-auto oanriden op Grinzerstrjitwei tusken Ljouwert en Tytsjerk
Op de Grinzerstrjitwei tusken Ljouwert en Tytsjerk is woansdeitejûn in plysje-auto oanriden. De dyk hat in skoftke ôfsletten west.
De plysjes wachten op in berger by in oanriding tusken in auto en in ree. Se woene it plak fan it ûngelok ôfskermje. De auto dy't it bist oanriden hie, stie op de rjochterrydstripe. De plysje-auto gie derefter stean. In oare automobilist seach dat net en ried dêrop yn.
Alle trije auto's hiene safolle skea dat se fuorthelle wurde moasten. It bist hat it ûngelok net oerlibbe.