A7-blokkearders wolle gjin DNA ôfstean: Dan helje se my mar fan hûs

Guon A7-blokkearders dy't ein ferline jier feroardiele binne, wegerje DNA ôf stean. Dat moatte se wol dwaan om't dat yn de wet stiet. As se net frijwillich meiwurkje, wurde se troch de plysje fan hûs helle.
A7-blokkearders wolle gjin DNA ôfstean: Dan helje se my mar fan hûs

Ferfelend tiidstip

Advokaat Tjalling van der Goot stiet 33 fan de 34 fertochten by. Hy advisearret syn kliïnten om wol mei te wurkjen. "Oars nimt de plysje jo mei. Faak op in tiidstip dat hiel ferfelend is."

DNA wurdt fuorthelle nei frijspraak yn heger berop

It DNA komt yn de lanlike databank. Dêr sit DNA yn fan mear as 250.000 feroardielden en kriminelen dy't socht wurde troch de plysje. It wurdt fuorthelle sagau't de fertochte yn heger berop frijsprutsen is. It heger berop yn dizze saak sil dit jier plakfine.
© ANP
Ien fan de 34 A7-blokkearders lit yn in reaksje witte dat hy de oprop foar in DNA-ûndersyk net opfolgje sil. Ek de twadde kâns dy't him jûn wurdt, sil de Koudumer neist him dellizze. "Ik lit it derop oankomme. Dan helje se my mar fan hûs. Haw ik dat ek wer ris meimakke."
De man hat oant 19 febrewaris de tiid om frijwillich op it plysjeburo wangflibe ôf te stean. Dêrnei kin elk momint de plysje oan de doar komme.