Oebele Brouwer by ôfskied fan justysje: "Ekskús yn Vaatstrasaak hie passend west"

30 jan 2019 - 21:05

It sil net in maklik ôfskie wurde, tongersdei op de resepsje yn Zwolle, seit Oebele Brouwer. De 58-jierrige ynwenner fan Eastermar set nei 27 jier in punt achter syn karriêre by it Iepenbier Ministearje. Hy wurdt boargemaster fan Achtkarspelen.

Brouwer wurke ûnder oare by it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert, foar de noardlike resjerzje yn Grins en it lanlik parket yn Rotterdam. "Ik sjoch mei in soad wille werom". No wachtet him in nije útdaging. Takom wike wurdt Brouwer ynstallearre as boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. "Spannend. Deselde spanning as dy't ik hie as 29-jierrige offisier by myn earste saak. Mar ik haw der sin oan."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Oebele Brouwer hat in tal grutte saken behannele, lykas de moardsaak-Baflo wêrby't in plysjeman ombrocht waard en de ûntfiering fan de 11-jierrige Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. Mar de saak dy't him benammen bybliuwe sil, is de moard op de 16-jierrige Marianne Vaatstra fan De Westereen. Sy waard op 1 mei 1999 ombrocht yn in greide by Feankleaster. Brouwer wie yn de earste jierren parse-offisier. "Dat wie bewust dien. Ien dy't Frysk prate en dy't it gebiet en de minsken goed koe."

Ekskús hie passend west

Earst yn 2012 waard de saak oplost mei de arrestaasje fan de dieder Jasper S., in boer út Aldwâld. Hy bekende en waard yn 2013 feroardiele ta achttjin jier sel. Lang waard tocht dat in bewenner fan it asylsikerssintrum fan Kollum achter de moard sitte soe. It waard Brouwer ferwiten as gesicht fan it Iepenbier Ministearje dat hy net achter asylsikers oangong.

"Sels ús bern op skoalle waarden lestich fallen. Dat kaam wol hiel tichteby. En doe't it in boer blykte te wêzen út in doarp flakby, soene de minsken it lef hawwe moatte om ekskús oan te bieden. Dat is net bard en it hoecht ek net mear. Wichtichste is dat de saak oplost is."

Oebele Brouwer

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Brouwer is nei 27 jier Iepenbier Ministearje ta oan wat oars. It lei foar de hân dat er rjochter wurde soe.

"Oant de fakatuere fan Achtkarspelen op myn paad kaam. Krekt wat foar my. Ik bin rjocht troch see, hâld fan de minsken yn dizze streek. Se binne earlik en dogge wat se sizze. Dat noasket my wol."

Brouwer hat in soad reaksjes krige op syn komst nei Achtkarspelen. "Allegearre posityf. Guon sizze: moai datsto der wer bist. En dat fielt goed."

(advertinsje)
(advertinsje)