Skipswerf Barkmeijer wurdt oernommen troch Thecla Bodewes
De kâns is grut dat de fallite skipswerf Barkmeijer yn Strobos oernommen wurdt troch Thecla Bodewes. Der stiet noch neat op papier, mar alle belutsen partijen sitte yn de ôfrûnjende faze.
As alles rûnkomt, dan wurde alle kasko's en de hiele werf oernommen. Tongersdei moatte alle puntsjes op de i setten wurde yn in lêste oerlis. Dêrby sit Thecla Bodewes, de kurator, de âld-bestjoerders fan de fennoatskip en de Rabobank, dy't de sekerheidsrjochten hat.
Fakbûn FNV is yn in earste reaksje bliid dat it bedriuw trochsetten wurdt, mar wit noch net wat it betsjut foar de takomst fan it personiel. By Barkmeijer wiene 79 minsken yn fêste tsjinst en rûn de 70 útstjoerkreften.
Thecla Bodewes
Bodewes, út Hasselt, komt út in famylje fan skipsbouwers. Har bedriuw naam earder al werven yn Harns, Kampen en Meppel oernommen.
Fallisemint
Barkmeijer waard ein oktober fallyt ferklearre. Der wiene jildproblemen by it bedriuw. It wurk gie earst gewoan troch.