Huitema oer brexit: "Ik kin net begripe dat yn twa moannen tiid in oplossing fûn wurdt"

30 jan 2019 - 20:43

Oer sawat twa moanne is it safier: Op 29 maart stapt it Feriene Keninkryk út de Europeeske Uny. En omdat it Ingelske Parlemint oant no ta elk akkoart ôfwiist, komt ek de saneamde hurde brexit rap tichterby. Boeren, fiskers en alle bedriuwen dy't hannel driuwe mei Ingelân sille dat fernimme. It Europeesk Parlemint yn Brussel debatearre woansdei oer de brexit.

Jan Huitema - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer Onno Falkena praat yn Brussel mei Frysk Europarlemintariër Jan Huitema

Soargen

"Ik wit hoelang't prosedueres duorje yn Brussel. Twa moanne liket miskien foar in normale Fries bêst lang. Mar foar Europeeske polityk is dat hiel gau", seit Frysk Europarlemintariër Jan Huitema tsjin Omrop Fryslânferslachjouwer Onno Falkena. "Wy meitsje ús der wol soargen oer. Wy kinne hast net begripe dat der wer in deal komt of in oplossing fûn wurdt yn twa moanne."

Studinten

In soad studinten gean op útwikseling mei in Europeeske beurs fan it Erasmusprogramma, ek nei Ingelân. Hoe komt it mei harren? Moatte sy no nei hûs nei 29 maart?

Huitema: "Omdat der no net in deal is, is it hiel ûnwis wat der mei harren bart. Gjinien wit wat der bart. Der is in needmaatregel foarsteld troch de Europeeske Kommisje dat de studinten dy't in beurs hawwe yn alle gefallen harren perioade ôfmeitsje kinne oan de simmerfakânsje ta."

Eksport

Yn de brexitdeal fan May dy't it net helle hat yn it House of Commons, wie sprake fan in oergongstiid fan twa jier om dingen goed te regeljen. Dy deal is dus no net mear. Kinne Nederlânske en Fryske fiskers aansen noch wol fiskje by it Feriene Keninkryk? En kinne agraryske produkten, lykas suvel en tsiis en poaters noch wol eksportearre wurde?

Papierwinkel

"In soad lytse en middelgrutte ûndernimmers dogge hannel yn de Europeeske Uny, ek mei Ingelân. Mar sy hawwe gjin ûnderfining yn hannel bûten de EU. Dêr is in grutte papierwinkel foar nedich. As Ingelân derút giet, moatte se dy papierwinkel dwaan. En dan binne jo op in hiel oar boerd oan it skaken as dat jo no dogge.

Polityk spultsje

Hat de brexit ek gefolgen foar ús? Huitema: "Wy fiele it wol, mar net sa slim as de Ingelsen, Ik snap net wêrom't se dat negearje. Sy smite it derop dat wy der sa'n probleem mei hawwe. Mar se dogge it sels. It liket der mear op dat it polityk spultsje wurdt, sûnder der rekkening mei te hâlden wat it ekonomysk belang en wat it sosjale belang is, lykas foar de Eramusstudinten."

(advertinsje)
(advertinsje)