Ynstjoering yn doarpskrante Parregea wint gemeentlike priis Fryske stikken

De 78-jierrige frou Van den Berg skriuwt al in lytse fjirtich jier foar de doarpskrante fan Parregea. It priiswinnende stik gong oer de sniewinter fan 1979. Doe wie der echt sprake fan koade read, sa skreau se yn har stik. Dat se de priis krige, wie in grutte ferrassing. In doarpsgenoat hie it stik ynstjoerd en pas ferline wike krige frou Van den Berg te hearren dat se nominearre wie.
© De Pinfisker
De priis foar it bêste Frysktalige stik yn de doarps-, wyk- en stedskranten fan de gemeente Súdwest-Fryslân waard útrikt troch wethâlder Stella van Gent. Yn totaal 29 stikken waarden ynstjoerd troch njoggen ferskillende doarpskranteredaksjes.
De sjuery bestie út Douwe Blom fan de FNP yn Súdwest-Fryslân, Jantine Weidenaar fan Omrop Fryslân en skriuwer Paul van Dijk. It wie foar de tredde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priis útrikte.