Ljouwerter ytpiraten moatte wurkstraf dwaan

In stel út Ljouwert moat 60 oeren wurkstraf dwaan, om't se se ôfrûne simmer trije kear by in restaurant ieten sûnder te beteljen. It giet om in man fan 42 en in frou fan 34 jier.
Bestek © Shutterstock.com
De dupearre restaurants binne Hotel Van der Valk yn Hurdegaryp, 't Far en Terherne en Gusto op It Hearrenfean. Neffens de manlike fertochte wie it allegearre in misferstân. Hy en syn frou wiene simpelwei fergetten te beteljen. Ien kear hie syn frou pine yn it liif en moasten se gau nei hûs. De oare kear wie der wat mei de bern.

'Lestich te leauwen'

De rjochter fûn dy ferhalen 'lestich te leauwen', benammen omdat it trije kear yn koarte tiid bard is.
De fertochte wie bot skrokken doe't er fan freonen hearde dat hy en syn frou as 'wanbetellers' op Facebook stiene. De offisier fan justysje tocht lykwols dat se alles mei sin dien hiene. Dy easke wurkstraffen foar elk fan beiden fan 80 oeren. De rjochter makke dêr 60 oeren fan.