Reidproef yn de Lauwersmar wer mei in jier útsteld

30 jan 2019 - 18:46

De provinsjes Fryslân en Grinslân hawwe de saneamde reidproef yn it Lauwersmargebiet op 'e nij mei in jier útsteld. De reden dêrfoar is dat der noch juridyske prosedueren rinne tsjin de proef. De provinsjes wolle de ôfspraak fan de rjochter ôfwachtsje en dat kin noch wol even duorje.

It Lauwersmargebiet - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

By de reidproef wurdt it wetterpeil yn de Lauwersmar twa kear seis wiken mei 40 sintimeter ferhege. Doel fan de proef is om it reid hurder groeie te litten en beamkeguod ôfstjerre te litten. Fryslân en Grinslân wolle dêrmei foldwaan oan de natuerrjochtlinen fan Nederlân en de EU. In bettere reidgroei soarget foar in bettere fûgelstân.

De earste proef soe holden wurde fan mids febrewaris oant 1 april. Omdat se wachtsje op de útspraak fan de rjochter en om't de proef yn it briedseizoen fan de fûgels hoe dan ek net mei, hawwe de provinsjes besletten om der foar dit jier in streek troch te setten.

De twa provinsjes hawwe oant 2022 de tiid in reidproef te dwaan.

Ferset tsjin de proef

Omwenners, rekreaasje-ûndernimmers en agrariërs yn it Lauwersmargebiet fersette harren al langere tiid tsjin de proef. Woansdei hat in groep op 'e nij protestearre by de Ried fan Steat. Sy binne bang foar skea troch it weaker en it sâltich wurden fan harren grûn.

Neffens wetterskip Noorderzijlvest is der in goede skearegeling, mar de tsjinstanners hawwe dêr gjin fertrouwen yn. Toan mar ris oan dat it sâltich wurden feroarsake wurdt troch de reidproef, sizze se. Sy wolle dan de bewiislêst omkeare, krekt as by it ierdbevingsgebiet yn Grinslân.

Fierders fine de tsjinstanners dat it wetterskip net genôch each hat foar de feiligens. As by de proef yn koarte tiid in protte rein falt, kin de boel oerstreamje en dêr kinne se jierrenlang lêst fan hawwe.

'Net fundearre eangstgefoelens'

Advokaat Rens Snel fan Noorderzijlvest hie it oer net fundearre eangstgefoelens by de boeren en de rekreaasjebrânsj. Risiko op it sâlter wurden fan de grûn is der net en reinfal sjocht it wetterskip yn it foar oankommen. Dan spuie se wetter út de Lauwersmar op de Waadsee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)