UPDATE Grutte stroomsteuring yn suden fan Ljouwert is foarby

De grutte stroomsteuring yn súdlik Ljouwert is oer. Dat meldt Liander op twitter. Om sawat seis oere foel yn it gebiet tusken de Potmarge en it MCL de elektrisiteit út. Ek alle ljochten op it Drachtsterplein wiene út. Wensoarchsintrum Abbingahiem sette in it needaggregaat yn sadat de bewenners net yn it tsjuster sieten.
Ferkearsljochten op it Drachtsterplein © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Netbehearder Liander hat de stroomtafier omlaat. De ferwachting wie dat elkenien om sawat kertier oer achten wer stroom hawwe soe. Dat is dus krekt wat earder wurden. Liander wit net wat de oarsaak is fan de steuring.
Yn Jelsum sitte ek 25 adressen sûnder stroom. Dêr is brân yn in elektrisiteitshúske de oarsaak. Der giet in aggregaat hinne, om wer foar stroom te soargjen.
Grutte stroomsteuring set Ljouwert-Súd yn tsjuster © Sjirk Kuipers