Foar Dennis Johnsen fielt SC Hearrenfean as thúskommen

30 jan 2019 - 17:43

"It fielt as thúskommen." Dennis Johnsen keart nei 1,5 jier werom by sportklup Hearrenfean. De 20-jierrige Noar wurdt foar in heal jier hierd fan Ajax. Boppedat hat SC Hearrenfean in opsje om Johnsen dêrnei oer te nimmen.

Dennis Johnsen fielt fertrek nei Hearrenfean as thúskomme

By Ajax spile de oanfaller benammen by de beloften yn de earstedifyzje. Hy spile mar fiif kear yn Ajax 1. Trije kear yn de earedivyzje, twa kear yn de beker en altyd as ynfaller. "It wie in goede ûnderfining. Ik trainde alle dagen mei goede spilers. Dat wie in moaie stap, mar no wol ik mear yn de earedifyzje spylje. Ik bin ferromme dat ik werom bin by Hearrenfean."

Johnsen sjocht it net as in teloarstelling dat hy net slagge is yn Amsterdam. "Ajax is in grutte klup. De druk is folle heger. Moatst altyd winne en goed wêze. Se skriuwe ek in protte oer dy. Ik koe dy druk wol oan, mar dat wie it ferskil tusken Hearrenfean en Ajax."

Fit genôch om te spyljen

Johnsen is fit, want hy spile in soad by Jong Ajax. "Ik bin fit, dus ik kin spylje. Gjin probleem." Hy kaam fjouwer jier lyn nei SC Hearrenfean doe't hy 16 wie. Hy wenne doe by in gastgesin yn Mildaam. "No moat sels noch in wenning sykje. Ik ha noch in protte kontakt mei jonges út dy tiid."

Noch ien ferdigener foar de transferdeadline

Gerry Hamstra besiket foar de transferdeadline noch in ekstra ferdigener oan te lûken. Oft dat slagget, hinget neffens Hamstra noch fan in hiel soad ôf. "Als dit interview niet te lang duurt, kan ik weer verder", seit Hamstra mei in laits. "Maar serieus, we zijn met twee spelers bezig. Het kan zo maar zo zijn dat we hier morgen weer zijn, maar dat kan ik niet garanderen."

Ien fan dy twa spilers is Reece Oxford. Oxford is in 20-jierrige ferdigener fan West Ham United. Guon Ingelske media melde dat West Ham op dit momint noch net meiwurkje wol oan it ferhieren fan Oxford.

Thorsby: bliuwt hy of net?

Gerry Hamstra sjocht in transfer fan Morten Thorsby nei Sampdoria noch altyd trochgean. Thorsby giet sawiesa yn de simmer, mar as hy net yn de winterstop ferkocht wurdt, fertsjinnet SC Hearrenfean neat oan Thorsby. "Toch heb ik nog goede hoop dat Thorsby voor 1 februari Heerenveen verlaat. Daar zijn drie partijen voor nodig en of die bij elkaar komen, weet ik niet. Maar het kan best nog goed komen."

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)