Rubryk Frysk Film Archief: Jacques de Beer

30 jan 2019 - 17:41

Tûzenen âlde films út Fryslân binne de ôfrûne jierren oeral weikaam en nei it Fries Film Archief brocht. It hat aardich wat peareltsjes oplevere dy't Omrop Fryslân sjen lit. Yn de fiifde ôflevering: Jacques de Beer. Hy wie yn de jierren 60 ien fan de ferneamste Fryske amateurfilmers. Syn kolleksje bestiet út mear as 200 films en fideo's. Mar hy stiet echt bekend om syn priiswinnende komyske animaasjefilm: Hylke Hoanne.

Rubryk Frysk Film Argyf: Jacques de Beer

Jacques de Beer is berne yn 1928 yn Feankleaster. Hy wie soan fan in bakker, mar dat wie net dêr't syn passy lei. "Hy hat it wol studearre", fertelt syn dochter Wies de Beer. "Mar ús heit wie eins wat ritich. Earst woe er bakker wurde, dêrnei foel de kar op learaar biology mei as hobby in hiel soad films meitsje." De Beer wie aktyf lid fan de Ljouwerter filmclub De Kleare Kimen en geregeld sjuerylid foar filmkompetysjes.

Links Jacques de Beer, rjochts Dick Hageman - Foto: Omrop Fryslân / Frysk Film Argyf

"Foar ús wie dat hiel gewoan", fertelt Wies. "Myn broer en ik spilen in soad yn de films fan ús heit. Hy hie dan in hiel senario skreaun foar syn bern. Ik fûn it prachtich om te dwaan, mar begriep net dat dit bysûnder wie."

Wies kin it har noch goed heuge dat har heit mei syn ferneamdste wurk dwaande wie: de animaasjefilm Hylke Hoanne. "Dy hat er tegearre makke mei Dick Hageman. Alle tongersdeitejûnen kaam Dick by ús thús en wienen se de hiele jûn dwaande. Dick tekene en en ús heit filme. En dat gie net sa rap, want foardat bygelyks in fûgel syn bekje iepen hat om wat te sizzen bist fiif tekeningen fierder."

Jacques de Beer

(Advertinsje)
(Advertinsje)