Pieter Weening stiet foar it begjin fan it seizoen: "Ik wol minimaal ien wedstriid winne"

30 jan 2019 - 17:00

It hurdfytsseizoen fan Pieter Weening set oankommend wykein útein. Der is wol it ien en oar feroare foar de Harkyt. Syn ploech fusearre mei in Belgyske ploech en hjit no Team Roompot-Charles. De ploech hat yn jannewaris tsien dagen op trainingskamp west op yn Spaanske Calp, boppe Benidorm.

Pieter Weening stiet foar it begjin fan it seizoen: "Ik wol minimaal ien wedstriid winne"

Yn Spanje wurdt de basis lein foar it nije seizoen. De foartekens lykje posityf te wêzen foar Weening: "Ik fiel my goed. Foar de tiid fan it jier is de kondysje ek goed. Mar it begjint krekt wer. Dus we sille rêstich opbouwe en sjogge wol wêr't it útkomt."

Ferline jier ried de hurdfytser fan Team Roompot-Charles goed yn Eastenryk en Kroäsië. Ek dit jier mikt Weening dêr wer op. "Ik ha my spesjalisearre op de rittekoersen oer meardere dagen. Ik hoopje wol ien of mear wedstriden te winnen. As ik in deeglik seizoen ha mei in pear útsjitters, bin ik tefreden."

De earste wedstriid dy't Pieter Weening rydt, is in rittekoers op Mallorca. Wierskynlik stiet Weening freed en sneon oan de start. Dêrnei rydt er heal febrewaris de Ronde fan Oman. Yn Frankryk steane dêrnei twa rittekoersen fan ien dei op it programma en dêrnei stiet alles yn it ramt fan de Ronde fan Kataloanië. Weening lit de grutte foarjiersklassikers ek net rinne: hy hopet de Amstel Gold Race en de Ronde fan Vlaanderen te riden.

Pieter Weening yn Spanje - Foto: Omrop Fryslân

It nivo fan de ploech is wol echt omheechgien.

Pieter Weening oer syn fúzjeploech Roompot-Charles

De fúzje fan de Roompotploech mei de Belgyske ploech hat neffens Weening wol konsekwinsjes hân. "It beste fan twa ploegen is oerbleaun. It nivo fan de ploech is wol echt omheechgien. Uteinlik is it in goeie match."

De ploech is boppedat fersterke mei ûnder oaren Lars Boom en Maurits Lammertink, hurdfytsers dy't meardere grutte rondes riden hawwe.

Dat jildt ek foar Weening. Hy rydt al mear as tsien jier op it heechste hurdfytsnivo. Oan ophâlden tinkt de 37-jierrige Weening noch net. "As ik der gjin sin mear yn ha, dan is it rap ôfrûn. Mar sa lang it noch maklik en goed rint op de fyts, hâldst der ek nocht yn. Ik besjoch it fan jier oant jier. Earst dit jier en dan sjogge we fan it simmer wolris wer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)