"As de earste snie falt, begjint it hert hurder te slaan"

Yn Ternaard binne frijwilligers no al dwaande om de strjitten previntyf te bestruien. Dat dogge se moai op 'e tiid. De snie wurdt woansdei oan de ein fan de dei ferwachte.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
"As it snijt dan ride auto's it gau fêst, want de strjitten binne hjir net sa grut. En dan ha we der mear wurk fan, dus dêrom begjinne we no al." Mei in klup fan seis man kinne se it wurk dwaan. It is sa'n fiif jier lyn ûntstien út de diakony wei.
"We woenen mear sichtber yn it eigen doarp wêze." Mei help fan de diakony is de struier kocht. Se hâlde net inkeld it doarp skjin, mar ek de diken foar de boeren bûtenút.
"Mei elkoar wolle we ús doarp leefber hâlde. Ek foar de âlderen yn it doarp is it belangryk dat se doar gewoan út kinne, dat it frij fan snie is."
As de earste snie falt, begjint it hert hurder te slaan en moatte de mannen los. En as de tank leech is, kinne se by de boeren del. " Dy 100 liter misse se toch net."
De klup hat noch wol ien winsk: "It soe moai wêze as minsken de auto's wat tichter op de stoepe parkearje, dan ha we wat mear romte."
Tjibbe Veenema sit op de trekker. "It is gesellich wurk, we krije in protte wurdearring fan minsken út it doarp. Der giet geregeld in tomke omheech, dat is moai." Hy sit al fan it begjin ôf oan by it ploechje.
Ek in ynwenner is der wiis mei. "It is sa moai as wat, dat se dit dogge. Oars waard hielendal net struid yn it doarp."