UPDATE Branwacht hat brân elektrisiteitshúske net fier fan fleanbasis útmakke

30 jan 2019 - 16:32

De brân yn in elektrisiteitshúske net fier fan de Fleanbasis Ljouwert is út. Dat meldt de brânwacht op twitter. Yn it elektrisiteitshúske fan Liander oan de Troelstrawei ûntstie woansdeitemiddei brân. De lokaasje fan de brân is tichtby in gemaal fan Definsje. De brânwacht wie derby om it fjoer út te meitsjen. Foar de wissichheid wie it fytspaad nei Stiens ôfset.

Foto: Kappers Media

Troch de brân sitte in pear gebouwen oan de P.J. Troelstrawei en de Tsjessingawei sûnder stroom. Neffens netbehearder Liander giet it om minder as 25 klanten. De stroomsteuring is noch net foarby,

(Advertinsje)
(Advertinsje)