Joadske organisaasje docht oanjefte fan sprekkoaren yn Ljouwert

It Centrum Informatie en Documentatie Israël (CIDI) docht oanjefte fan anty-semityske sprekkoaren dy't ôfrûne wykein yn Ljouwert te hearren wiene. Dy waarden neffens it CIDI songen troch in groep dy't seit AZ- en Cambuursupporter te wêzen.
De supporters rûnen snein troch it sintrum fan Ljouwert. Op bylden is it lêste diel fan it liet "Mijn vader zat bij de commando's, mijn moeder zat bij de SS. Samen verbrandden zij Joden, want Joden die branden het best" te hearren. De bylden waarden dield op Instagram, mar binne yntusken wer offline helle.
AZ spile snein tsjin SC Hearrenfean. Neffens it CIDI hiene de supporters fan AZ en Cambuur foar dy wedstriid nei Feyenoord - Ajax sjoen. It ferlies fan Ajax soe de fuotbalsupporters yn Ljouwert derta oansetten hawwe it liet te sjongen.

Klups: net belutsen

It CIDI hat al kontakt hân mei AZ en Cambuur. In wurdfierder fan Cambuur liet witte dat de klup gjinien op de bylden werkent, dus sy koene net befêstigje dat it om Cambuursupporters gie. It CIDI basearret him op teksten dy't op Instagram ûnder de fideo stiene. "Maar het gaat er ons niet om dat dit supporters van AZ of Cambuur zijn, het zijn individuen", seit Aron Vrieler fan it CIDI.

Feroardieling?

Oft de bewiislest grut genôch is foar in feroardieling, wit Vrieling net. "Dat moet je aan Justitie vragen. Maar wij doen aangifte omdat we nog geen afkeurende reacties zien van anderen. Het is aan ons om aan te geven dat het een probleem is."
Als onze aangifte direct of indirect leidt tot meer bewustzijn bij degenen die meedoen, is dat een succes.
Aron Vrieler

Bewustwurding

It giet it CIDI ek net om in feroardieling. "Als onze aangifte direct of indirect leidt tot meer bewustzijn bij degenen die meedoen, is dat een succes. Het is onnodig kwetsend en je toont dat je geen bewustzijn van het verleden hebt. Het zijn verschrikkelijke teksten die je niet kunt afdoen als een kwajongensstreek."