Plysje warskôget foar 'fergees' bestek

30 jan 2019 - 16:18

De plysje yn Ljouwert warskôget foar oanbieders fan 'fergees' bestek. De plysje krige in tip fan in âldere frou. Sy krige ôfrûne wykein op de Tynjedyk in moaie doaze mei bestek oanbean.

Foto: Wikimedia Commons

Dy doaze soe fergees wêze, mar se soe wol efkes de BTW betelje moatte. Dat soe dan útkomme op in bedrach fan mar leafst 200 euro.

De frou is dêr net yn meigongen en de plysje fynt dat dat in goeie saak is. "U bent nu gewaarschuwd", sa skriuwt de Ljouwerter plysje op social media.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert bestek
(advertinsje)
(advertinsje)