Biblioteek fan it jier 2019: dbieb yn Ljouwert is nominearre

De biblioteek yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is nominearre foar de titel 'biblioteek fan it jier 2019'. Dat is in priis fan it Bibliotheekblad, it fakblêd fan de biblioteken. Ek fiif oare biblioteken binne nominearre: yn Deventer, Dongen, Harderwijk, Losser en Vught.
© Omrop Fryslân, René Koster
De nominearre biblioteken wurde op ferskate tiden besocht troch mysteryguests fan it fakblêd. Dan wurdt sjoen nei it gebou en nei de tsjinstferliening, mar der wurdt ek sjoen nei de rol dy't de biblioteek bygelyks hat op de skoallen.
De biblioteek fan Ljouwert is in jier lyn ferhuze fan de beurs nei de âlde finzenis. Der kamen yn dat earste jier 360.000 besikers.
De kommende moannen wol de biblioteek noch aksjefiere, want yn maart mei it publyk ek stimme. De útslach fan de titel 'biblioteek fan it jier 2019' wurdt yn april bekendmakke, by it nasjonale biblioteekkongres.