Nijbeetster rydt de sleat yn

09 nov 2011 - 11:12

De plysje hat tiisdeitenacht trije ynwenners fan Nij Beets oanhâlden fanwege gefaarlik rydgedrach. It giet om twa jonges fan 20 en ien fan 21 jier. De plysje die in alkoholkontrôle op de Swynswei yn it doarp doe't de trije yn eigen auto's mei piipjende bannen in hiem oprieden.

Ien fan de trije ferlear de macht oer it stjoer en ried in sleat yn. By in alkoholtest die bliken dat alle trije tefolle alkohol op hiene. De plysje hat proses-ferbaal opmakke. By de alkoholkontrôle sels waard noch in 20-jierrige Nijbeetster trapearre mei tefolle drank op. Alle fjouwer ha in rydferbod krigen fan ien oant fjouwer oeren.

(advertinsje)