Schils fuort by SC Cambuur, klup wol noch spits helje

30 jan 2019 - 15:58

SC Cambuur nimt fuortendaliks ôfskied fan Mathias Schils. De middenfjilder giet werom nei syn heitelân België. Hy sil dêr spylje foar KMSK Deinze, in promoasjekandidaat op it tredde Belgyske nivo. Deinze betellet gjin transfersom.

Mathias Schils - Foto: www.orange-pictures.nl

Schils hat yn oardel jier 51 wedstriden spile foar Cambuur, wêryn't er twa doelpunten makke. Cambuur hopet dat hy net de iennige spiler is dy't fuortgiet. De klup hopet ek noch ôfskie te nimmen fan Justin Mathieu en Omar el Baad.

Der is belangstelling foar Mathieu en der wurdt besjoen oft beide partijen derút komme kinne. Earder koe Mathieu nei it Hongaarske Debreceni, mar dat seach de oanfaller net sitten.

El Baad rûn staazje yn Litouwen, mar in oanbod om dêr te tekenjen sloech de ferdigener ôf.

Cambuur wol noch in spits

De Ljouwerters hoopje harsels noch te fersterkjen mei in spits. Neffens technysk manager Foeke Booy is de klup yn petear oer de komst fan in spits, mar: "Of het haalbaar is, is de vraag. De kans dat we nog een spits aantrekken, is moeilijk in te schatten."

Cambuur hat noch oant en mei tongersdeitejûn 00.00 oere om in spiler te heljen. Dêrnei slút de transfermerk.

(advertinsje)
(advertinsje)