Wetterplysje pakt yllegale Iselmarfisker op

30 jan 2019 - 15:23

Yn de haven fan Urk is in yllegale Iselmarfisker oppakt troch de wetterplysje en de NVWA. Doe't hy oanhâlden waard, hie hy fisk by him dy't wierskynlik ôfkomstich wie út yllegaal pleatste netten, sûnder merktekens.

Fiskerij - Foto: Shutterstock.com

Hy soe dy netten gauris meardere dagen yn de Iselmar pleatst hawwe. It fiskjen mei netten of fûken sûnder merktekens is ferbean. Dan is net te kontrolearjen wa't dy netten útset hat en oft dy fisker wol tastimming hat.

Op it yllegaal fiskjen stiet in maksimale straf fan seis jier sel.

Trefwurden: 
fisker yllegaal Iselmar
(advertinsje)
(advertinsje)