Kamminga sprint nei twadde plak yn alternative Alvestêdetocht

30 jan 2019 - 14:36

Manon Kamminga fan Haulerwyk is woansdei twadde wurden yn de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Tegearre mei Iris van der Stelt kaam se op de finish ôf, mar Kamminga kaam krekt te koart. As tredde einige Ineke Dedden.

Der wie in groepke fan sân froulju foarút by de alternative Alvestêdetocht. Krekt foar de ein koe Van der Stelt dêrút ûntsnappe. Kamminga moast yn de efterfolging, mar kaam yn de sprint krekt te koart om har noch by te heljen. De maratonrydster wûn ferline wike wol de Aart Koopmans Memorial op de Weissensee.

Foto: ANP

By de manlju waard Crispijn Ariëns fan Wolvegea twadde by de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Hy moast it yn de sprint ôflizze tsjin Frank Vreugdenhil út Eldersloo. Jordy Harink út Rouveen waard tredde.

(advertinsje)