Bedriuwslibben hellet 300 miljoen euro oan oarders binnen foar F-35

It Nederlânske bedriuwslibben hat foar goed 300 miljoen euro ekstra oan oarders binnenhelle foar it leverjen fan ûnderdielen foar de F-35. De kontrakten dêrfoar binne woansdei ûndertekene. It barde by de saneamde 'Roll out'-seremoanje by it fabryk fan de leveransier fan de tastellen, Lockheed Martin, yn Fort Worth yn Amearika.
© Omrop Fryslân
Foar it Noarden betsjut it ekstra wurkgelegenheid foar de fêstiging fan GKN Fokker yn Hoogeveen. It fabryk dêr sil komposytûnderdielen meitsje foar de motoaren yn it tastel. Yn Hoogeveen wurkje no 600 minsken oan it F-35 projekt. De ferwachting is dat dat oantal fierder groeie sil.
Neffens Michiel van der Maat fan Fokker is dit goed nijs foar it folsleine Noarden: "Je ziet dat veel bedrijven in de omgeving mee profiteren. Elke baan daar levert een baan op in de regio. Dit is goed nieuws." It giet om in kontrakt mei in wearde fan 300 oant 400 miljoen euro.
Neffens Van der Maat komme de ferwachtingen dy't de Nederlânske yndustry hie fan dielname oan de ûntwikkeling fan it tastel mear as út: "We verwachten dat het Nederland in 2050 al snel 13 miljard euro opgeleverd heeft. Dat is meer dan wij aanvankelijk dachten."

Yn oktober komt it tastel yn Ljouwert

No't it earste tastel offisjeel oerlange is, giet it rap mei de levering fan de F-35's. De kommende moannen wurde yn Texas acht makke foar Nederlân. Dy wurde oerflein nei de trainingsbasis by Phoenix.
De kommende perioade wurdt dêr begûn mei it 'omscholen' fan de Nederlânske F-16's-fleaners. Ein oktober lânet it earste tastel op de fleanbasis Ljouwert. Dêr wurdt it earste squadron foarme. Yn 2020 komme ek de earste MQ-9 Reapers oan op de fleanbasis Ljouwert.