FIDEO: Skûtsje is yn twaen seage

30 jan 2019 - 13:46

Op de skipswerf fan Piet ten Woude yn Drylts is in skûtsje yn twaen seage, om't it skip sa foldwaan kin oan de easken fan de IFKS. Der is in stik fan goed twa meter tuskenút helle en it kin no fierder klearmakke wurde as wedstriidskip foar de silerij yn de lytse a-klasse.

It skûtsje de Friesland is fan Johannes de Vries dy't it skip earst brûkte foar de charterfeart. It skip is boud yn 1910 yn Briltil en hat eader ek al meidien oan de silerij yn de SKS

(advertinsje)