Ariëns wurdt twadde by alternative Alvestêdetocht

Crispijn Ariëns fan Wolvegea is twadde wurden by de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Hy moast it yn de sprint ôflizze tsjin Frank Vreugdenhil út Eldersloo. Jordy Harink út Rouveen waard tredde.
© Glenn Wassenbergh
It peloton is woansdeitemoarn om kertier foar achten by in temperatuer fan 16 graden ûnder nul, úteinset. Under oare Gary Hekman en Niels Overvoorde besochten mei in lange solorit op kop de winst te pakken. Mar úteinlik wie it nei fiif-en-in-heal oere in kopgroep fan sântjin riders dy't útmeitsje soe wa't der mei de winst fan tusken gie.
Yn de sprint wie Vreugdenhil de rapste. It is it twadde súkses foar AB Vakwerk dizze wike. Moandei wûn Hekman noch de KPN Grand Prix 2 op de Eastenrykse Weissensee. Vreugdenhil is de opfolger fan Erik Jan Kooiman. Dy moast woansdei nei 17 fan de 20 ronden fan it iis stappe.
De froulju binne noch ûnderweis, de ferwachting is dat sy om in oere as trije hinne oankomme.
© ANP
By de froulju waard Manon Kamminga fan Haulerwyk twadde yn de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Tegearre mei Iris van der Stelt kaam se op de finish ôf, mar Kamminga kaam krekt te koart. As tredde einige Ineke Dedden.