Blide reaksjes op akkoart oer bernepardon: "Het is goed nieuws"

30 jan 2019 - 12:37

De minsken dy't har de lêste jierren fûleindich ynset hawwe foar in ferromming fan it bernepardon binne bliid mei it akkoart dat tiisdeitejûn sletten is tusken VVD, CDA, D66 en ChristenUnie. Mar tagelyk hawwe se ek reserves.

Blide reaksjes op akkoart oer bernepardon

Yn de Twadde Keamer is woansdeitemoarn it debat oer de oanpassing fan de pardonregeling begûn. It is de fraach oft it allegear ek sa komt sa't de partijen it betocht hawwe. En hoe pakt de nije beoardieling fan de 700 gefallen út yn de praktyk?

"Het is goed nieuws"

"Het is goed nieuws," seit emearitus dûmny Harm Klein Ikkink fan Drachten. Hy set him yn foar minsken sûnder ferbliuwsfergunning. "We kennen gezinnen die in deze situatie zitten die in aanmerking komen. Voor die families is er eindelijk licht aan de horizon."

Ien fan de minsken yn Drachten is in Armeen fan 24 jier. Hy wennet al tsien jier yn Drachten en hat noch altyd gjin ferbliuwsfergunning. De kâns dat er bliuwe mei is troch de ferromming fan it bernepardon grutter wurden. "Ik kreeg allemaal appjes gisteravond. Ik was verbaasd en had het niet verwacht. Ik ben blij en opgelucht, maar wil het eerst zwart op wit zien. Dan ben ik helemaal opgelucht."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Systeem wurdt oanpast

Neffens Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) wurdt it hiele systeem ek ferbettere. "We wolle de langrinnende prosedueres yn de takomst foarkomme. No is it sa dat pas oan de ein nei 'schrijnende' gefallen sjoen wurdt. Minsken sitte sa hiel lang yn ûnsekerheid. Yn de nije opset wurdt dêr fuort yn it begjin al nei sjoen. Dan hat elk gau dúdlikheid en leannet it ek net om de proseduere te rekken."

Dûmny Klein Ikkink, de Armeen en Harry van der Molen

(Advertinsje)
(Advertinsje)