Baanhurdfytser Wim Stroetinga ferspilet winst yn Berlyn

Wim Stroetinga en syn Belgyske kollega Robbe Ghys binne fjirde wurden yn de Zesdaagse van Berlijn. Foarôfgeand oan de lêste dei fan de baanhurdfytswedstriden stiene se noch boppe-oan, mar op de slotdei ferspilen Stroetinga en Ghys harren kopposysje.
© www.orange-pictures.nl
Gewoanwei rydt Stroetinga mei Yoeri Havik, mar dy koe it net kombinearje mei de wrâldbekerwedstriden. Ferline jier wûn dat duo yn Berlyn, mar dat slagge Stroetinga mei Ghys dus net.
In soad tiid om te bekommen hat Stroetinga net. Tongersdei set de Zesdaagse van Kopenhagen útein. Dêr rydt Stroetinga wol mei Havik.