Learlingen Marne College wer út sel

09 nov 2011 - 11:04
Foto: Omrop Fryslân

Fiif learlingen fan it Marne College yn Boalsert binne woansdei wer frijlitten út har sel yn de eardere Blokhúspoarte yn Ljouwert. De groep gie tiisdei om njoggen oere de ienpersoans sel yn.

Se lieten har sponsorje en hawwe dêrtroch tûzen euro ophelle foar Dance4Life. Nei hûs en sliep ynhelje kinne de learlingen foarearst noch net. Se moatte earst wer nei skoalle en ûnder oare noch in toets meitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)