Nije brêge oer de Tsjonger: wiken oerlêst foar it ferkear

De brêge oer de Tsjonger, by De Langelille, wurdt fernijd. De hjoeddeistige brêge is oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch boud en foldocht net mear oan de easken fan dizze tiid. It wurk sil wiken lang oerlêst foar it ferkear opsmite.
© De Fryske Marren
Yn febrewaris wurdt úteinset mei de sloop fan de âlde brêge. It is dêrnei de bedoeling dat de ferfangende brêge yn april brûkt wurde kin. Yn de wiken dat der oan de brêge wurke wurdt, sil der gjin trochgong wêze foar motorisearre ferkear. Dat wurdt mei buorden sa'n fyftjin kilometer omlaat. Fytsers en kuierders krije in lytse, tydlike brêge yn de buert fan de wurksumheden.
De nije brêge komt der kompleet oars út te sjen as dy fan no. De brêge wurdt sa'n trije meter heech, mei in trochgong fan tsien meter breed foar it skipfeartferkear. De útfiering sil dien wurde yn swart en griis stiel. De brede betonnen standers dy't no noch by de brêge stean, wurde ferfongen troch slanke pylders yn in donkere kleur. Hjirmei sil it lykje as oft it rivierke mear romte krijt.
It folsleine projekt kostet sa'n 500.000 euro.