Polder ûnder wetter set by De Blesse

Wetterskip Fryslân hat woansdei by De Blesse in part fan de polder ûnder wetter set. Sa streamt de Lende it nije natuergebiet yn. Dat gebiet is ûngefear 25 bunder grut. It sil beheard wurde troch It Fryske Gea.
Polder ûnder wetter set by De Blesse
It Wetterskip sil faker polders ûnder wetter sette foar klimaat en natuer. Dêrtoch is der mear wetterberging en minder ferdrûging. De djippe kwelpolder yn it gebiet Wolvegea-Súd luts wetter út de omlizzende natuergebieten, lykas de Lendefallei. It Fryske Gea sil it gebiet beheare en is wiis mei de maatregel.
De ynrjochting is dien troch it Wetterskip, de provinsje en de gemeente Weststellingwerf. It past yn de takomstfyzje oer de Lende en ek yn dy fan de feangreidegebieten, beide fyzjes en ûntwerpplannen komme út 2015. Doe wisten se noch net dat ferdrûgjend fean CO2 útstjit en dat je troch it ûnder wetter te setten CO2 ferminderje kinne.
© Wetterskip Fryslân
Ferslachjouwer Ronnie Porte praat yn de polder fan Wolvegea-Súd mei Klaas Bartlema fan Wetterskip Fryslân