Gjin waskbere ruften foar âlden yn Eaststellingwerf

Nije âlden yn Eaststellingwerf krije dochs net fergees in proefpakket mei waskbere ruften. In foarstel hjirfoar krige tiisdeitejûn te min stipe fan de gemeenteried.
© ANP
De inisjatyfnimmende partijen woene dat húshâldingen yn de kunde komme koene mei de werbrûkbere ruften. Dat soe neffens ChristenUnie, GrienLinks en StellingwerfPlus helpe kinne om de bulte restôffal lytser te meitsjen. Ek soe it foar de húshâldingen in soad jild skele.
Op It Hearrenfean en yn Hengelo krije nije âlden al sa'n pakket. Neffens wethâlder Hijlkema giet it op It Hearrenfean lykwols net om in proefpakket fan inkele tsientallen euro's, mar om in startpakket foar in langere perioade, fan inkele hûnderten euro's. Dit wurdt mooglik ek keppele oan in eigen bydrage fan âlden. Hijlkema wol earst de proef op It Hearrenfean ôfwachtsje, mar foar de measte fraksjes is ek dat net nedich.
De tsjinstanners fine dat it keapjen fan waskbere ruften in kommersjele taak en kar fan de âlden is.