Raad van State: Hûnefokker yn Feanwâlden hat terjochte in boete krigen

30 jan 2019 - 11:08

De gemeente Dantumadiel hat yn 2016 terjochte in ein makke oan in hûnefokkerij yn Feanwâlden. Dat seit de Raad van State.

Dit is net de hûn út it berjocht - Foto: pxhere

De Raad van State is it mei de gemeente iens dat de hûnekennels yn striid wiene mei it bestimmingsplan. By de fokkerij, dy't yn seekonteners siet, wie plak foar 35 hûnen. Ek is it fokken sels net tastien op dat plak.

De gemeente drige mei in twangsom nei't omwenners klage hiene oer lûdsoerlêst. Neffens de buorlju sieten de hûnen nachts allinnich yn it tsjuster en wie der gjin tafersjoch.

De hûnefokker sels ûntkent dat hy him net oan de regels hâlden hat. Hy seit dat it in hûnepensjon wie, en dat dit neffens it bestimmingsplan gewoan tastien is.

(advertinsje)
(advertinsje)