Drachtster advokaat Westerhuis kritysk oer akkoart bernepardon: "Heel zwak akkoord"

30 jan 2019 - 09:55

It akkoart oer it bernepardon is in hiel swak akkoart. Dat seit advokaat Alie Westerhuis fan advokatekantoar Westerhuis yn Drachten, spesjalisearre yn ûnder oare it frjemdlingerjocht. De lanlike koälysjepartijen D66, CDA, ChristenUnie en VVD waarden it tiisdei iens oer in soepeler bernepardon. Dat soe betsjutte kinne dat bern dy't no ûnder it bernepardon falle en yntusken woartele binne yn Nederlân, net mear útset wurde.

It AZC yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân

Advokaat Alie Westerhuis oer it berikte bernepardonakkoart

It akkoart wie neffens Westerhuis te ferwachtsjen. "Het kabinet wilde geen crisis." D66, CDA en ChristenUnie woene in soepeler bernepardon. De VVD woe earst net mei, mar no wol, omdat de regeling foar it bernepardon yn de takomst ôfskaft wurdt.

Ferkiezingsruil

It is dus in soart ruil en dat makket it neffens Westerhuis ta in hiel swak akkoart. "Ik vind dat het echt direct iets met de verkiezingen te maken heeft." It CDA wie altyd tsjin in rommer bernepardon, mar feroare ferline wike fan miening. Dêrtroch ferskoden de ferhâldingen yn de koälysje en stie de VVD ynienen allinnich.

"Dat maakt eigenlijk al dat je kunt zeggen: kom op CDA, jullie hebben dit jarenlang gesteund. Om maar steeds al die mensen, al die kinderen die onder dat kinderpardon vielen, af te wijzen. En nu zouden jullie ineens om zijn, omdat jullie achterban dat wil", bekritisearret Westerhuis.

De slager keurt zijn eigen vlees, hoe gek wil je het eigenlijk hebben?

Advokaat Alie Westerhuis

Neffens de advokaat is der no berikt dat de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND) opnij de dossiers besjen sil fan de bern dy't op dit stuit ûnder it bernepardon falle. It giet mei-inoar om sa'n 630 bern. De IND krijt dêrmei de funksje dy't de minister earst hie op grûn fan de wet en yn teory soe it sa wêze kinne dat de IND dan ta itselde beslút komt. "Dus de slager keurt zijn eigen vlees, hoe gek wil je het eigenlijk hebben?", seit Westerhuis.

"Wij hebben bij ons kantoor ook wel kinderen die onder het kinderpardon vallen, maar juist omdat het meewerkcriterium voor die tijd zo scherp werd gehanteerd, hebben wij de ouders geadviseerd niet opnieuw een aanvraag te doen. Het zou een beetje geldtrekkerij kunnen zijn." In oanfraach foar it bernepardon kostet sa'n 800 euro oan leezjes.

Nije oanfraach sinleas

It opnij yntsjinjen fan in oanfraach soe dan ek sinleas wêze, fynt Westerhuis. Ek omdat yn it nije akkoart it bernepardon ôfskaft wurdt. "Dus eigenlijk zijn we terug naar af. De VVD heeft in mijn ogen deze hele procedure gewonnen en de achterban van het CDA mag nog wel een keertje weer kijken wat ze nu eigenlijk hebben beslist met de afschaffing van het kinderpardon. Aan het woordje naastenliefde komen we in de toekomst helemaal niet meer toe."

Yn 't belang fan bern en âlden

Neffens foarsitter Theo Joosten fan CDA Fryslân is it akkoart wol deeglik yn it belang fan de bern en de âlden dy't ûnder it bernepardon falle. Hy kin him net fine yn de krityk dat it berikte akkoart mei de ferkiezingen te meitsjen hat.

"Ik snap dat dat gebeurt", seit Joosten. "Maar ik denk dat het belang van de kinderen om wie het gaat zwaarder weegt dan het perspectief dat sommigen zeggen dat het in het belang van de verkiezingen zou zijn gegaan. Er zijn vier partijen die nu een ander standpunt hebben ingenomen en ik vind het van grote betekenis dat daarmee uitzicht is geboden en een stuk onzekerheid is weggenomen die werd veroorzaakt door het huidige beleid."

Foarsitter Theo Joosten fan CDA Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)