Djoere flaters foar Marit Bouwmeester by World Cup

30 jan 2019 - 08:30

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei ien dei silen by de World Cup yn Miami op in teloarstellend 42ste plak. Neffens Bouwmeester makke se twa flaterkes en moast se dy tige djoer betelje.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

De World Cup is foar Bouwmeester net in prioriteit, sy hat de fokus yn Miami op it besykjen fan ferskate strategyen yn wedstriidferbân. Dochs falt it 42ste plak ôf. De sylster rekket lykwols noch net yn panyk. De race fielde fierder goed foar har.

De World Cup duorret noch oant 3 febrewaris.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
(advertinsje)
(advertinsje)