Kollum: "Johannes Hulk"

"As je de túnfûgels telle moatte, blykt dat der noch in soad mosken binne. Dy sjogge je eins noait. Inkeld as se je koekje by de kofje op it terras weipikke. Ik sjoch troch de moskjes hinne yn myn tún in winterkeninkje. En de kleure finkjes en mieskes. Je sjogge ek yn de greide net de blauwe, mar wol de wite reagers. Dy binne opfallend tusken it grize guozzeguod.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Kleur en status meitsje it ûnderskied. We binne o sa bliid dat de Frânsen ús skriezen net mear ôfsjitte meie. Mar we roppe net hurd genôch dat se ek fan ús ljippen ôfbliuwe moatte. En se sjitte ek noch wol in skries. Sterker, ús fjildminsken sjitte ek wol in soad beskerme bisten. Der sitte ommers fierstente folle mûzebiters op de hikke. Ja, inkeld op papier binne we roomsker as de paus sels.
Dat moat oars, tocht in man yn in fûl blau-eftich pak. Ynienen stie hy foar ús as de Hulk. Hielendal grien wurden. Hy sloech alle piketpealtsjes oan smots en raasde: Wy! Wy, al ús boeren moatte alhiel biologysk buorkje. Fryslân ien grutte ienheid fan biologysk fee, fleis, molke, greide en maïslân.
Johannes Kramer hat no dus in trijefâldige persoanlikheid. As je him oansprekke as deputearre, dan seit hy dat hy der noch efkes nei sjen sil. As FNP'er seit hy dat we like grien wêze moatte as GrienLinks. Mar as griene Hulk is hy listlûker fan de FNP yn de kommende ferkiezingstiid. En dan moatte je sweeslaan.
Johannes Kramer de deputearre en Johannes Kramer de FNP'er witte ek wol dat Johannes Hulk in te oerdreaune skets makke fan de takomst fan de Fryske lânbou. Dy boeren krewearje no foar de wrâldmerk, mar dan inkeld noch foar de wrâldwinkel. En wy folk, dat altyd tefreden is, sels al ha we gjin stoer mear, betelje dan ûngefear trije kear safolle foar ús iten.
Johannes Kramer hat lykwols it folsleine rjocht dat te roppen. Hy wol dat. Hy krige sels de Ljouwerter Krante mei. No, je moatte wol hiel brike stânpunten ha wolle je dêryn trije pagina's krije. Se skrokken har dea by it CDA en VVD. Dy skriemden, spuiden dat ferhaal fan dy sinten daliks út. Bliksems, de FNP yn it sintrum fan de gewoane en sosjale media. De PvdA koe net oars as súntsjes sizze dat Johannes Hulk wol wat gelyk hat. Se prakkesearje har dêr dea oer hoe't se de FNP no wer foarbygean kinne yn de belangstellingssfear. Je kinne toch net wat roppe dat net kin?
No ja, Johannes de Hulk seit net mear as: as jim no op ús stimme, dan besykje ik as Johannes Kramer de FNP'er, deputearre Johannes Kramer sa fier te krijen dat we mear biologyske lânbou krije. Yndachtich it kringlooplânbouferhaal fan minister Schouten, is dat goed? Fryslân moat gebrûk meitsje fan de sinten dy't dêr weikomme. Net seure as it no biologysk of kringloop neamd wurdt. De FNP wol inkeld dat der in eigen spesiale nasjonale toansetting komt fan de Fryske lânbou. It liet wurdt dêrfoar makke troch Johannes Kramer de komponist.
Hy hat de Ljouwerter al yn 'e bûse. Jim hearden de Hulk sakrekt op de Omrop. Gewoan nei bûten ta krekt dwaan as is Fryslân sa biologysk-kringloperich as de pest. Dat moat it byld wurde. Dan wurdt der op je stimd. Dan moat der ek wat mear biologysk-kringloperich wurde as de tsien persint fan no. No ja, as der mar ien of oar ûndersyk sa'n útkomst hat, da's ek al goed.
Mar, en dêr prate we dan net sa lûd mear oer, in part fan de wenstige Fryske lânbou bliuwt gewoan bestean. Ja, wol it wetter wat omheech; oars hâlde we gjin feangreide oer. Mar trochwurkje foar de wrâldmerk, útsein Bûtan. Dan kinne al dy suvelfabrykjes hjir teminsten ek bestean bliuwe. Mar dy fabriken moatte fan de Hulk wol in bytsje reklame meitsje foar dat wrâldwinkelguod. Dus de affysje meitsje.
Om't Johannes de boarger, dy't op de tribune sit by SC Hearrenfean, dat dêr leard hat. Dy ha in degradaasjeploech, mar sizze dat se geane foar Europeesk fuotbal. Sa ûngefear. Wat kleure fûgeltsjes dy't de moskjes nei de eftergûn triuwe. Dy ite dan de koekjekrommels wol op."