Dennis Johnsen giet fan Ajax werom nei SC Hearrenfean

30 jan 2019 - 07:42

De kontrakten moatte noch tekene wurde, mar Dennis Johnsen komt werom by SC Hearrenfean. Hy sil hierd wurde fan Ajax. De no 20-jierrige Noar gong oardel jier lyn fan SC Hearrenfean nei Ajax.

Dennis Johnsen by Jong Ajax - Foto: www.orangepictures.nl

SC Hearrenfean wie nei de transfer fan Arber Zeneli op syk nei in nije fleugeloanfaller. Technysk manager Gerry Hamstra ynformearre earst by Vaclac Cerny, mar dy transfer gie net troch.

Johnsen makke de lêste oardel jier foaral syn minuten yn Jong Ajax. Hy spile 41 wedstriden yn de earste difyzje en skoarde njoggen kear en joech alve assists. Foar Ajax 1 spile hy net mear as 46 minuten yn fiif ynfalbeurten, wêrfan twa yn it bekertoernoai.

By SC Hearrenfean spile hy noch gjin minút en allinnich mar by de beloften, mar yn 2017 makke hy wol in transfer fan 2,4 miljoen euro nei Ajax.

(advertinsje)
(advertinsje)