Opkreazjen fan Tsjûkemar moat 35 miljoen euro kostje

30 jan 2019 - 07:02

De kommende jierren moat der leafst 35 miljoen euro ynvestearre wurde yn it opkreazjen fan de Tsjûkemar. Dat jild is benammen bedoeld foar rekreaasjeplannen om de mar hinne, mar dêrneist wurdt der bygelyks ek in lespakket ûntwikkele. De plannen komme fan in spesjale projektgroep.

De projektgroep is yn oparbeidzjen mei de provinsje, de gemeente De Fryske Marren en in tal oare partijen al jierren dwaande mei de takomst fan de Tsjûkemar. Woansdeitemiddei sette alle partijen harren hanteken ûnder in gearwurkingsoerienkomst en dat is it offisjele startmomint fan de útfiering.

Yn totaal wurdt der yn it earste jier sa'n 800.000 euro stutsen yn it gebiet. It earste dat realisearre wurde moat, is in survivalbaan by Eastersee. Dêrneist wurdt der dit jier ek noch in strân oanlein by Sint-Nyk en wurde de eilantsjes yn de Tsjûkemar opknapt.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Frans Heesen fan de projektgroep

Neffens Frans Heesen fan de projektgroep is it de bedoeling dat der in fûns oprjochte wurdt, wêrmei't al it jild op it kleed komme moat. Yn dat fûns sit dan jild fan de oerheden, mar ek partikulieren kinne der yn ynvestearje. De kommende jierren moat dan hieltyd wer in stikje fan de plannen útfierd wurde.

De gearwurkjende partijen wolle der foar soargje, dat der mear rekreanten gebrûk meitsje sille fan de mar. It giet neffens Heesen dan net om toeristen, mar benammen om minsken út de omjouwing.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)