Boargers uterje soargen oer stroomstasjon yn Wûns

29 jan 2019 - 22:54

Soargen en yrritaasjes oer de mooglike komst fan in stroomstasjon by Wûns. Dat dat der komt is wol wis, mar de fraach is wêr krekt. Yn totaal binne der fyftjin mooglike lokaasjes oanwiisd by Boalsert, Wûns en de kop fan de Ofslútdyk. Tiisdeitejûn wie der in ynformaasjejûn yn it doarpshûs fan Wûns.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

In protte bewenners fan Wûns binne bang dat der keazen wurdt foar in plak tichtby it doarp en dat dit skealike gefolgen hawwe sil. Grutste yrritaasje is dat der, by de komst fan it wynmûnepark, sein is dat der yn dat gebiet neat mear bykomme soe.

Nij Hiddum Houw

"Wy hawwe de lêste twa jier grutte drokte hân om Nij Hiddum Houw en dat hat in flinke oanslach west op de natuer en de minsken yn dit gebiet. Dy kwestje is noch net iens op syn ein en dan komme se alwer mei in nij plan. Dêr binne wy bot fan skrokken", seit in man op de ynformaasjejûn.

"Wat my sa dwers sit, is dat it demokratysk proses noch net iens ôfrûn is en dat se no alwer begjinne."

Ferslachjouwer Willem de Vries wie yn Wûns

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Doarpsynwenner Post wennet op 200 meter fan ien fan de mooglike boulokaasjes. Ek hy makket him grutte soargen. "We hebben nu het mooiste plekje van de wereld", seit er. "Het mooie uitzicht dat we nu hebben, daar blijft dan niks van over."

"Druk bezocht"

"De informatieavond wordt druk bezocht en er zijn veel vragen. Ik kan me heel goed voorstellen dat mensen bezorgd zijn", seit projektlieder Jos Wigger, ek fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. "We zijn er zo vroeg in het proces, omdat wij ook nog niet weten waar we het nieuwe station het beste kunnen plaatsen."

Foar de simmer moatte de fyftjin mooglike lokaasjes werombrocht wêze ta fjouwer, wêrnei't der definityf in kar makke wurdt. It stasjon moat der yn 2022 stean.

Trefwurden: 
Wûns stroomstasjon
(advertinsje)
(advertinsje)