SC Hearrenfean yn top 3 mei measte geweldsynsidinten

29 jan 2019 - 22:07

By thúswedstriden Sportklup Hearrenfean ha der de ôfrûne fjouwer seizoenen 19 'geweldsynsidinten' west. Allinnich by Ajax en Willem II wiene der yn dy perioade mear fjochtpartijen of mishannelingen. Dat docht bliken út sifers dy't EenVandaag opfrege hat by de plysje.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ynsidinten wurde allinnich teld as der in melding dien wurdt by de plysje.

Faak wat oan de hân by Hearrenfean

Ek as it om ynsidinten mei fjoerwurk, sprekkoaren en it smiten fan guod giet, stiet SC Hearrenfean by de klups dêr't it faakst wat oan de hân wie.

By de kategoryen 'fernieling' en 'oare ynsidinten' binne der sels by gjin inkelde oare klup sa faak meldingen dien as by Hearrenfean.

Hearrenfean ferbaasd

Sportklup Hearrenfean reagearret fernuvere op de sifers. De klup hat kontakt hân mei har eigen ôfdieling feilichheid. Dy sizze dat se yn de fjouwer jier mar twa ynsidinten mei meardere supporters registrearre hawwe. "De politie zegt hier heel zuiver te handhaven en te registreren", lit SC Hearrenfean witte. De klup tinkt dat it dêrmei te krijen hat dat se heech yn de ferskate listen steane.

Joost Arentsen fan it Centraal Informatiepunt Voetbalvandalisme seit dat der yndie sprake wêze kin fan 'ynterpretaasjeferskillen' tusken regionale plysje-ienheden.

(advertinsje)
(advertinsje)