Feanwâldster Gleonkoppen wolle in nij plak

29 jan 2019 - 21:31

De Gleonkoppen, in groep jongeren yn Feanwalden, wol graach in eigen plakje hawwe. Yn de plannen fan gemeente Dantumadiel foar it MFC wiene se net meinaam. Dêr komt tiisdeitejûn lykwols feroaring yn, want de gemeente liket no 83.000 euro beskikber te stellen.

Foto: Facebook, Jeugdsoos de Gleonkoppen

"As je in doarpshûs of in MFC delsette, is dat foar eltsenien. Ek foar de jongerein. Dat is in groep dy't hiel groeit yn it doarp", fertelt Oege Hiddema, sekretaris fan Stichting Doarpshûs Myn Skip. "Doe't we de earste plannen presintearren yn 2017 hiene we allinnich in kelderke foar de bern fan 12 oant 16."

Aldere jongerein bine

"Mar ek de âldere jongerein, fan 17 oant 20, wol har earne fine kinne. Wy giene derfan út dat dat wol genôch wêze soe", ferfolget Oenema. "Mar dy âldere jongerein moat je as doarp wol bine wolle."

Oege Hiddema fan Stichting Doarpshûs Myn Skip

De âlde jeugdsoas hiet fan De Wâldpyk. Mar dy namme wol de jongerein fan Feanwâlden net oanhâlde foar it nije plak. "Wâldpyk waard dochs wat yn swart deiljocht sjoen. We tochten, we dogge it oars. Gleonkop is in typyske bynamme foar immen fan Feanwâlden", seit in jonge út it doarp.

Op it stuit hiert de jongerein in kelder yn it tsjerkegebou. "We besykje no in gruttere kelder te krijen. Mar dêr hawwe wy wol de stipe fan de gemeente foar nedich."

De jongerein fertelt oer harren nije jeugdsoas

De jongerein hinget no wat op ferskate plakken yn it doarp om. Dêrtroch is de ferbining fuort. Stichting It Doarpshûs frege de jongerein om wat nijs op te setten. "We kamen der al gau achter dat it plak te lyts wie foar de groep dy't we kwyt woene. Dus no hoopje we dat der plak komt foar de 18+-groep en dat we eltsenien kwyt kinne yn ien kelder", fertelt ien fan de jonges.

Der hawwe al ferskate aksjes west om jild yn te sammeljen, lykas in carwash en kolleksje. "It doarp stiet folslein achter ús, dus dêr ferwachtsje we noch wol wat jild op te heljen."

(advertinsje)
(advertinsje)