Deputearre Johannes Kramer hat betrouwen yn takomst biologyske lânbou

29 jan 2019 - 21:19

Deputearre en FNP-foarman Johannes Kramer lûkt him neat oan fan de krityk op syn ideeën en dy fan syn partij foar in oergong nei in folslein biologyske lânbousektor yn 'e takomst.

Biologyske sipels - Foto: Shutterstock.com

Ut ferskate hoeken wei, wêrûnder troch lânbou-organisaasje LTO, is nochal skeptysk reagearre op de plannen fan de FNP, dy't ferline wike nei bûten kamen. It soe de Nederlânske konkurrinsjeposysje te bot ûndergrave.

Konkurrinsje nimt ta

Kramer tinkt dat biologyske lânbou mei minder boeren op termyn ekonomysk it bêste perspektyf is foar de sektor. De konkurrinsje út lannen dy't goedkeaper produsearje kinne, nimt hieltyd mear ta.

En de sektor wurdt oerspield mei hieltyd mear regels en easken dy't buorkjen dreger meitsje. Boppedat sjocht Kramer in tanimmende fraach nei ferantwurde lânbouprodukten dêr't de konsumint wat mear foar betelje wol.

Johannes Kramer - Foto: Omrop Fryslân

Kramer is derfan oertsjûge dat der op dizze wize ek foar de takomst in sûne lânbousektor yn Fryslân mooglik is. Net fan de iene op de oare dei. Mar yn in perioade fan sa'n 15 oant 20 jier moat it mooglik wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)