Beloften SC Cambuur ferlieze earste wedstriid yn ferliezerspûl

29 jan 2019 - 20:44

De beloften fan Sportklup Cambuur ha tiisdei mei 3-0 ferlern op besite by Jong Excelsior. De wedstriid op Woudestein wie de earste yn de ferliezerspûl.

Alex Bangura (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Redouan el Hankouri soarge al nei tsien minuten spyljen foar de 1-0. De jonge Ljouwerters wiene dêrnei wol in pear kear tichteby de gelykmakker, mar de peal en doelman Sonny Stevens stiene yn it paad. Flak foar it skoft makke Nathan Tjoe-A-On wol de twadde goal foar de Rotterdammers.

Yn de twadde helte hie Cambuur op 'e nij kânsen om wer yn de wedstriid te kommen, mar wer slagge it net om te skoaren. Excelsior die dat noch wol ien kear. Anouar Hadouir makke yn de lêste minút de 3-0.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Excelsior
(Advertinsje)
(Advertinsje)