Henk Jan Mulder bliuwt trainer by LDODK

29 jan 2019 - 20:35

Henk Jan Mulder bliuwt trainer fan kuorbalklup LDODK. Syn kontrakt is oant en mei takom seizoen ferlinge. Mulder is dwaande oan syn earste folsleine seizoen as haadtrainer fan de Gordykster kuorballers, dy't op it stuit tredde steane yn de Kuorbal League.

Foto: www.orange-pictures.nl

Mulder naam foarich seizoen yn maart de taken oer fan Erik Wolsink, dy't dien krige by LDODK. Dat seizoen rûn LDODK de play-offs mis, dit jier leit de ploech wol op koers. "Ast fan it bestjoer hearst dat elkenien yn in seleksje fan tweintich spilers fynt datst bliuwe moatst, is dat foar in trainer/coach fansels in grut komplimint", seit Mulder op de klupwebside fan LDODK.

"We spylje elke thúswedstriid foar in fol hûs. Der hinget in sporthal Koartsweagen in noflike, gesellige sfear."

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Henk Jan Mulder
(Advertinsje)
(Advertinsje)