Kansefûnsjild foar fiif projekten bern en statushâlders

Fiif projekten krije mei-inoar goed 400.000 euro út it Fryske Kânsefûns. Dat is in spesjaal provinsjaal fûns foar minsken dy't op watfoar wize dan ek kânsearm binne.
Baarch © Shutterstock.com
Stifting Solidair Fryslân krijt 10.000 euro. Sy binne mei in projekt begûn om derfoar te soargjen dat der op skoallen omtinken komt foar earmoede en útsluting as gefolch dêrfan. Skoallen kinne sa bern hoedzje foar problemen mei skulden as se âlder wurde.

Netwurk opbouwe

Learning Hub Fryslân hat in projekt om minsken te trainen yn ûndernimmersfeardichheden. Dat is foar minsken dy't dreech oan wurk komme kinne. It projekt, dat 125.000 euro krijt, rjochtet him ûnder oare op statushâlders yn ús provinsje. Hûndert fan harren krije help om in sosjaal-profesjoneel netwurk op te bouwen dêr't startende of noch jonge ûndernimmers yn sitte.

Tsjinsten oerheid tagonkliker

In oare stifting, Partoer op Maat, wol minsken mei in beheinde taalfeardigens ynsette as ûnderfiningssaakkundigen foar oerheden. Sy kinne oerheden fertelle hoe't sy de oerheidstsjinsten ûnderfine en hoe't dy tagonkliker kinne. Dêrfoar komt 47.025 euro beskikber.

Leefberens yn Nij Súd

Fierder wurdt oan 350 bewenners fan de Harnzer wyk Nij Súd de fraach steld oft se meihelpe wolle oan it ferbetterjen fan de leefberens dêr. Stifting De Skûle Welzijn wol mei dy minsken in bewennersbedriuw oprjochtsje. It projekt krijt dêr 200.000 euro foar. Mei it bedriuw wurkje se oan ûntjouwingen yn de wyk. Se wurkje oan de leefomjouwing, mar ek oan har ynkommen.

Bûtenboarterspakket

As lêst krije sa'n 700 bern fan fjouwer oant fjirtjin jier in 'bûtenboarterspakket'. Dat is derfoar bedoeld om de bern yn beweging te krijen en harren te helpen sosjale kontakten op te dwaan. Sport Fryslân hat by alle boartersdinkjes út it pakket in kaart makket wat bern dêrmei dwaan kinne. De subsydzje fan de boarterspakketten komt fan it ministearje fan SWZ, Sport Fryslân krijt 32.124 euro út it Kânsefûns foar de kaarten.