Tsjerkeklokken liede de berte fan nije gemeente Noardeast-Fryslân yn

29 jan 2019 - 18:46

Troch de hiele gemeente Noardeast-Fryslân hinne hawwe tiisdeitemoarn de tsjerkeklokken te hearren west, om te fieren dat se no by deselde gemeente hearre. It kloklieden begûn oan de rânen fan de gemeente en einige yn de haadstêd Dokkum.

klokliede

Betinker Feike van der Zee oan it wurd

Komponist Feike van der Zee fan Ljussens is de betinker fan it evenemint. Mar hoe kaam hy sa op it idee? "Een van de aanleidingen was een opmerking van stadsbeiaardier van Dokkum Auke de Boer, die zei dat Noardeast-Fryslân een van de dichtstbetorende en -beklokte gebieden van Nederland is", fertelt Van der Zee.

Der binne yn dy regio nammentlik út 52 doarpen en ien stêd. Alle doarpen hawwe minstens ien klok. "Wij hebben de mensen die die klokken moesten luiden, benaderd en ze hebben allemaal hun medewerking toegezegd."

Underwiisprojekt

"Ik heb samen met andere mensen een onderwijsproject gemaakt voor de bovenbouw van basisscholen. Een van de onderdelen daarvan was een wedstrijd: schrijf een tekst voor een nieuw gemeentelied. Bij wijze van volkslied."

Dy wedstriid waard wûn troch de Nynke van Hichtum-skoalle yn Dokkum. De bern hiene in tekst skreaun en de dosint betocht der in melody by. Oan de ein fan it klokkespektakel spile earst de stedsbeierdier fan Dokkum it liet. Dêrnei songen de skoalbern it op it âlde stedhûs foar de boargemaster en wethâlders.

"Het onderwijsproject gaat over de cultuurhistorische waarde van torens en luidklokken. Uiteindelijk zijn torens een baken in het landschap en een luidklok is een baken in de tijd. Dat is tegenwoordig niet meer vanzelfsprekend. Maar vroeger was de luidklok het enige medium dat bepaalde hoe laat het was."

Witte omstanners wol wêrom't de klokken liede?

(Advertinsje)
(Advertinsje)