IM easket fiif jier sel foar trije finzenen dy't oare finzene mishannelen

It Iepenbier Ministearje wol dat trije finzenen fan de Marwei yn Ljouwert fiif jier ekstra sel krije. De trije manlju soene in oare finzene mishannele hawwe. It slachtoffer is in man fan 40 út Koatstertille.
De Marwei yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De oanlieding foar de mishanneling soe drugshannel yn de finzenis sels wêze. It slachtoffer soe foar de Hurdegarypster hash de Marwei ynsmokkele hawwe, mar dêr 20 gram fan achterút hâlden hawwe. De trije fertochten, in 20-jierrige Hurdegarypster en twa Ljouwerters fan 27 en 34 jier, mishannelen him dêrom yn syn sel.
It slachtoffer hie in brutsen eachkas, in jokbonkefraktuer en in brutsen noas. Neffens de offisier fan justysje giet it om swiere mishanneling, dy't yn it foar pland wie.
De rjochtbank docht op 12 febrewaris útspraak.