Opknapbeurt foar 41 huzen op Skiermûntseach

In grut tal hierwenningen op Skiermûntseach krije de kommende tiid in grutte opknapbeurt. It giet yn totaal om 41 wenningen yn ferskate strjitten.
Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Minsken krije ûnder oare nije keukens, badkeamers en wc's. Dêrnjonken nimt it ferhierbedriuw maatregelen om de huzen enerzjybesparjend te meitsjen, bygelyks it pleatsen fan sinnepanielen. It wurk oan de wenningen moat yn maaie 2019 klear wêze.
Yn 2018 hawwe de hierwenten al in skilderbeurt hân en is it glêswurk ferbettere. Der sil no sjoen wurde hokker wenningen noch behoefte hawwe oan muorre-isolaasje.

Hout wurdt ferfongen

By de houten wenningen fan WoonFriesland sille de houten bûtenmuorren ferfongen wurde troch ûnderhâldsfrije platen yn inselde kleur. Dizze platen krije in houtmotyf, sa't de wenningen kwa uterlik net al te bot feroarje.