Jongeren wurkje oan takomst yn 't Stationnetje yn Hurdegaryp

It gebou by it treinstasjon fan Hurdegaryp hat in nije bestimming krigen. Mei de namme 't Stationnetje moat it in moetingsplak wurde foar jongeren tusken de 16 en 27 jier, dy't help ha wolle by it wurkjen oan har takomst.
Stationnetje
Se krije der begelieding fan meiwurkers fan wolwêzensorganisaasje KEaRN. De problemen kinne útien rinne fan minsken mei drankproblemen oant jongeren dy't net witte watfoar stúdzje se kieze moatte. Oeral kin oan wurke wurde.
De offisjele iepening fan 't Stationnetje is woansdei, mar no al wurket der in oantal jongeren oan harren takomst. Wol is it allinnich tagonklik foar ynwenners fan de gemeente Tytsjerksteradiel.