Twa fertutearze húskes yn Wâldsein út de 18e iuw mei entûsjasme restaurearre

29 jan 2019 - 17:30

Ferrotte hout, brike muorren, stikkene flierren; twa húskes yn Wâldsein út de 18e iuw stiene der mar wat fertutearze by. Feilingmaster en taksateur Machiel Dijkstra seach wol wat yn dizze boufallen en kocht de boel op. No, 7 jier fierder, binne de húskes kompleet restaurearre en kinne je der sels yn sliepe.

De eardere eigener fan de húskes oan de steech yn Wâldsein naam kontakt op mei Dijkstra om syn wenten te ferkeapjen. De húskes wiene sa'n 10 jier net ûnderhâlden en yn tige minne steat. Dijkstra woe dochs de húskes sjen en waard daliks entûsjast. "De sfeer, authenticiteit, tegeltableaus en het houtsnijwerk. De geschiedenis sprak mij direct aan", seit Dijkstra. "Ik wist dat het slecht onderhouden was, maar dat er zoveel werk achter vandaan kwam, had ik ook niet verwacht."

De sfeer, authenticiteit, tegeltableaus en het houtsnijwerk. De geschiedenis sprak mij direct aan.

Machiel Dijkstra, feilingmaster en taksateur

Doe't Dijkstra de wenten kocht hie, tocht er nei ien of twa jier wol klear te wêzen mei de restauraasje. Mar dêr hie er him op fersjoen. Der komme in soad minsken om 'e hoeke by in projekt as dit, leit Dijkstra út. Der moasten fergunningen oanfrege wurde, se ha in boustop hân en der moasten rapporten makke wurde. Dat koste in soad tiid en enerzjy.

Alde styl

"Als je het mij nu vraagt, dan zou ik het niet gedaan hebben. Maar over een jaar zeg ik dat ik het zo weer zou doen", seit Dijkstra. Timmerlju, in skilder, dakdekkers, tegelsetters, meubelrestaurateurs; in soad fakminsken ha Dijkstra holpen om de húskes wer folslein yn âlde styl werom te bringen.

Foto: Omrop Fryslân

Yntusken binne de húskes fan sawol binnen as bûten in ryksmonumint. Se meie ek yn de takomst net ferboud wurde, sadat se yn dizze steat bestean bliuwe. En dat wie ek de bedoeling fan Dijkstra. "Ik zag het in een slechte staat, maar ik zag ook wat het kon worden. Ik zag de spullen er al in staan en dan begin je en is er ook geen weg meer terug. Het kan of heel goed of niet, en ik heb denk ik voor de juiste weg gekozen."

Foto: Omrop Fryslân

Museum en B&B

Dijkstra hat fan it iene húske in museumkeamer makke. Jierren hat hy der mei dwaande west om guod te sammeljen út de 18e iuw om de keamer sa orizjineel mooglik te meitsjen. Minsken kinne neffens him no goed sjen, hoe't eartiids in rikere famylje libbe. De húskes wiene net fan earme arbeiders, om't der tegeltablo's en houtfersiering yn sieten.

It oare húske is in 18e-iuwsk bêd & brochje wurden, mar mei moderne saken as in wc, dûs en flierferwaarming. Restaurant 't Ponkje sil de B&B runne. Yn maart fan dit jier kinne minsken der sliepe. "Ik ben wel blij dat het bijna klaar is. Dat het gebruikt kan worden en dat ik het de mensen kan laten zien", seit Dijkstra.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Wâldsein restauraasje
(advertinsje)
(advertinsje)